Stilicho's Piktyske Oarloch

Stilicho's Piktyske Oarloch
datum: 398
plak: muorre fan Hadrianus, Skotlân
útkomst: Romeinske oerwinning, Pikten en Saksen ferslein
konfliktpartijen
Westromeinske Ryk Pikten en Saksen
befelhawwers
Stilicho net bekend
sterkte
± 10.000 net bekend

Stilicho's Piktyske Oarloch is de namme foar in rige fjildslaggen yn 'e Romeinske provinsje Britannia om-ende-by AD 398. De striid wie tusken it Romeinske leger ûnder lieding fan Stilicho en de Pikten, dy't doedestiden wennen yn wat no Skotlân is. Oer dit konflikt is net folle bekend, inkeld de Romeinske skriuwer Klaudianus (370-404) hat dêroer wat optekene. In oare skriftlike boarne is De Excidio et Conquestu Britanniae fan Gildas út 'e sechsde iuw. De oarloch einige yn in Romeinske oerwinning.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search